Twa NL-Awards foar Omrop Fryslân

© Omrop Fryslân
Radio-programma De Gong fan Saken en TV-programma Boppeslach wûnen tongersdei in NL-Award. Programmamakker Sippy Tigchelaar krige de NL-Award foar har dokumintêre oer de geheimsinnige útfiner Johan Wardenier.
Simone Scheffer krige de NL-Award foar har reportaazje oer keatser Sake Porte, dy't se de hele dei folge op syn 15de en alderlêste PC. De NL-Awards is in inisjatyf fan 'e haadredaksjes fan 'e trettjin regionale omroppen.