70 nije banen foar Drachten

19 des 2002 - 00:00

Smellingerlân krijt der 70 nije banen by troch de komst fan twa bedriuwen op bedriuweterrein A7 by Drachten. Wadro Wapeningsstaal BV út Koatstertille iepenet ek yn Drachten in festiging foar de produksje fan bewapeningsplaten foar de betonyndustry. Mades Cosmetics út Den Haach bout in fabryk foar it meitsjen fan kosmetyske produkten.

Mear bedriuwen hawwe belangstelling toand foar in plak op bedriuweterrein A7. Hokker, dat is noch net bekend.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)