Wer krystbeamaksje yn Ljouwert

19 des 2002 - 00:00

De gemeente Ljouwert komt wer mei in krystbeamme-aksje. Dat betsjut dat learlingen fan basisskoallen nei de jierwiksel de krystbeammen ophelje. Soks moat foarkomme dat minsken de beammen opbaarne of yn de plantsoenen smite.

It is de tsiende kear dat sa'n aksje hâlden wurdt. De basisskoallen krije 45 sint de krystbeam. De bern sels krije in lot. Dêrmei meitsje se kâns op in kadobon.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)