Frico krijt nije tsiisparsen

© Omrop Fryslân
It tsiisfabryk fan Frico yn Warkum hat tongersdei de earste ûnderdielen fan har nije produksjeline krigen. It binne tsien tsiisparsen fan elk 27 meter lang dy't 10 ton it stik weachje. Se binne makke troch it bedriuw Klokslag yn Boalsert.
Mei de parsen krijt Fico de grutste tsiisline yn 'e wrâld. Fanwege in reorganisaasje wurdt de produksje fan tsiis konsintrearre yn Warkum. Burgum en Olterterp geane yn 2003 ticht.