Fergunning by karbidsjitten

19 des 2002 - 00:00

Foar karbidsjitten is dit jier foar it earst in fergunning nedich. Dat hat te krijen mei alderhanne feilichheidsmaatregels. By de gemeente Boarnsterhim binne al tolve fergunningen oanfrege. De plysje beoardielt de oanfragen.

Op Aldjiersdei wurde kontrôles útfierd. Op it ôfsjitten fan karbid sûnder fergunning stiet in boete fan hast 230 euro.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)