Gjin krystpakket foar minima?

© Omrop Fryslân
Goed twahûndert minsken mei in útkearing op It Hearrenfean krije nei alle gedachten gjin krystpakket. De Stichting Houvast hâldt al jierren in aksje om de minima fergees in pakket te jaan. Dit jier is der lykwols noch gjin sponsor fûn. Oproppen yn streekblêden en posters yn winkels ha neat opsmiten.
De stichting fynt it spitich dat de aksje dit jier mooglik net trochgiet. De foarsitter hopet foar de minima dat in sponsor him noch oppenearet.