Boete foar PCBO Smellingerlân

© Omrop Fryslân
PCBO Smellingerlân is feroardield ta in boete fan 2500 euro ûnder betingst mei in proeftiid fan twa-en-in-heal jier. It PCBO stie foar de rjochter om't se har net hâlde oan de arbeidstidewet. Leararen binne ferplichte alle oeren op te skriuwen dy't se oan skoalle- aktiviteiten besteegje.
It protestants kristlik basisûnderwiis fûn de regels te burokratysk. It PCBO tinkt der oer yn heger berop te gean tsjin de útspraak fan de rjochter.