Hearrenfean - Zwolle: 2 - 0

© Omrop Fryslân
SC Hearrenfean snakt nei de winterstop. Yn 'e lêste wedstriid fan dit jier waard noch wol wûn fan Zwolle mei 2-0. Romano Denneboom iepene de skoare yn 'e fyfte minút. Dêrnei sakke it duel fier fuort en barde der net folle mear, mar ek Zwolle koe gjin fûst meitsje.
Pas yn 'e 85ste minút bepaalde de jonge Gryk Georgios Samaras de einstân op 2-0. SC Hearrenfean fertsjinne trije punten en hat no definityf de oansluting mei de middenmoat.