Jild foar grêften Ljouwert

18 des 2002 - 00:00

De gemeente Ljouwert kin in moaie subsydzje yn de mjitte sjen. It jild is ornearre foar it opknappen fan de bebouwing by greften, lykas histoaryske kademuorren, pipen en kelders yn de binnenstêd. It giet om in bedrach fan njoggenhûnderttûzen euro.

De steatssiktaris fan kultuer hat it jild takend, dat komt út in pot foar 24 ryksmonuminten. Ferline jier krige Ljouwert ek al in grut bedrach, doe foar de Grutte Tsjerke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)