Banen ID-ers noch hieltyd faai

© Omrop Fryslân
De gemeente Ljouwert nimt gjin finansjele risiko's om minsken mei in ID-baan, de eardere Melkert-baan, oan it wurk te hâlden. Wethâlder Brok seit dat de gemeente takom jier 3,5 miljoen euro besunigje moat op ID-banen. Dat betsjut 250 banen minder.
De gemeente wol al besykje in tal minsken mei in ID-baan regulier wurk te jaan. Ek is der in heal miljoen euro beskikber om ID-ers mei in tydlik kontrakt foarearst te behâlden.