Earste peal kenniskampus yn grûn

18 des 2002 - 00:00

De earste peal fan it nije gebou fan de CHN yn Ljouwert is woansdei yn de grûn slein. Dêrmei is de kristlike hegeskoalle de earste yn Ljouwert dy't in konkrete stap set yn de ûntwikkeling fan de kenniskampus. It nije gebou oan de Rengersleane wurdt it haadgebou fan de kampus. Dy moat bestean út CHN, NHL en it Van Hall.

Oft it ûnderwiiskompleks trochgiet, is noch net bekend. It nije gebou moat takom simmer klear wêze.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)