Cambuur ferlingt kontrakten net

18 des 2002 - 00:00

Fan fiif spilers fan Cambuur wurdt it kontrakt net ferlingd. It giet om Hernandez, Van Schoonhoven, Derksen, Ferrier en Slager. Mei oare spilers ûnderhannelet de Ljouwerter fuotbalklub yn febrewaris oer it kontrakt.

Ek trener Henny Lee komt takom seizoen net werom. Hy wie trije jier trener- assistint en die dit jier de jeugdoplieding. De maatregels binne nedich om't de finansjele sitewaasje yn it betelle fuotbal min is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)