Drokke tiden foar TPG Post

17 des 2002 - 00:00

TPG Post hat it smoardrok mei de post. Net inkeld fanwegen de ekstra drokte fan de krystkaarten. Mar ek om't de postrinners har wurk moandei net dwaan koenen fanwegen de izel. Op it sortearsintrum yn Snits is der eins te min romte om alle post te ferwurkjen. Hûndert tydlike krêften springe dizze dagen by.

It oanbod fan kaarten is likefolle as ferline jier. De gewoane kaart is noch altyd populêrder as ien per e-mail.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)