Wer in Fin by SC Hearrenfean?

© Omrop Fryslân
De Fin Hannu Haarala is fan de wike op proef by SC Hearrenfean. De 21-jierrige fuotballer spilet foar HJK Helsinki en it Finske jeugd-alvetal. De Fryske klub ûnderhannelet mei de Finnen oer in opliedingsfergoeding. Dat is ferplichte foar spilers oant 23 jier.
Haarala kin op alle posysjes oan de rjochterkant spylje. De Fin Mika Nurmela kin woansdei fanwagen famylje- omstannichheden net meispylje tsjin FC Zwolle. Syn ferfanger is Santi Kolk.