Sike-auto's earder te plak

© Omrop Fryslân
De Fryske ambulânses binne tenei earder te plak. Dat is it gefolch fan it nije systeem 'Ambunet' dat yn 'e sintrale meldkeamer yn Ljouwert komt. Hjirmei kin besjoen wurde wêr't de ambulânses binne en oft se yn te setten binne.
De meldkeamer kin no tenei de ambulânse dy't it tichtst yn'e buert is nei it ûngemak ta stjoere. Dat wurket in stik effisjenter. It nije systeem sil yn april takom jier ynfierd wurde.