Hermien wint sjongfestival

17 des 2002 - 00:00

Hermien Swart (12) út Hallum hat de finale fan it VARA-bernesjongfestival wûn. Se wie ien fan de tolve dy't in optreden fersoargje mochten foar ûnder oare sjuerylid Henk Westbroek.

Earder waard Hermien ek al earste op de provinsjale foarronde yn Drachten. De lanlike finale wie yn Hengelo. Hermien wûn mei it nûmer 'Wij zijn vriendinnen'. It programma is op 28 desimber te sjen op Nederlân 3.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)