Nij Frysk tydskrift Styl

© Omrop Fryslân
De Friesland Post hat in nije Frysktalige bylage. It earste eksimplaar fan Styl kaam moandei út. De útjefte wurdt foar in grut part betelle troch de provinsje. De bylage ferskynt fjouwer kear yn't jier. Nei trije jier wurdt besjoen oft Styl selsstannich fierder kin.
Einredakteur Tytsy Willemsma tinkt dat de leechdrompelige formule oanslacht by it publyk. Okkerdeis kaam ek al it nije tydskrift De Moanne út.