Glêdens kin weromkomme

© Omrop Fryslân
De tastân op de Fryske wegen is moandei yn 'e rin fan de middei ferbettere. By de plysje binne net folle meldings mear ynkommen oer ûngelokken troch de izel. Der wurdt preventyf struid, mar probleem is it ZOAB-asfalt. Dat is sa iepen dat de pikel der trochhinne falt. Troch opfriezing kinne lokale diken ek wer sjippeglêd wurde.
Learlingen fan it Dockingakolleezje yn Dokkum en Ferwert, en Alvinus yn Snits hawwe tiisdei de earste 2 oeren frij.