Himpkwekerij yn Ljouwert opdoekt

16 des 2002 - 00:00

De plysje hat moandeitemoarn in himpkwekerij yn in wente oan de Droppingstraat yn Ljouwert oprôle. De plysje kaam eins del fanwege wetteroerlêst. By ûndersyk waard doe yn twa sliepkeamers himpplanten fûn.

De plysje naam mei-elkoar 323 planten yn beslach. Ek die bliken dat de bewenner yllegaal stroom ôftape. De plysje moat de 39-jierrige man noch foar it ferhear hawwe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)