Drokte by bergers en struiers

16 des 2002 - 00:00

It waar soarge moandei foar grutte drokte by bergingsbedriuwen en autoskeabedriuwen. Hûnderten auto's waarden fan de Fryske diken helle. Fan seis oere moarns ôf kamen de tillefoantsjes binnen.

Fryslân Miljeu wie sûnt fjouwer oere moarns op paad mei struiweinen. Yn Ljouwert is mear as 200 ton sâlt brûkt. Ek binne der minsken dy't yn harren strjitte sels sâlt struie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)