Oanridings en skea troch izel

16 des 2002 - 00:00

It tal oanridings yn de provinsje is moandeitemoarn oprûn oant 150. It giet benammen om blikskea. Twa minsken rekken lichtferwûne. De struiweinen koene it amper oan en dêrtroch ûntstiene der files. De plysje riede oan om net de dyk op te gean as dat net hoecht.

By it MCL yn Ljouwert meldden har acht slachtoffers fan glêdens. Se wiene fallen troch de izel en hiene blessueres oan polsen en ankels.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)