'CDA te nuet oer sweeftrein'

© Omrop Fryslân
De VVD-steatfraksje easket opheldering fan it CDA oer de sweeftrein. Premier Balkenende soarge ferline wike foar betizing. Hy soe suggerearre hawwe dat it Noarden kieze moat út in rappe treinferbining of oare grutte projekten.
It CDA wurdt hieltyd nueter yn it debat oer de sweeftrein, sa fynt de VVD. As it wier is, moatte de ôfspraken oer de sweeftrein der opnij byhelle wurde. It kabinet hat 2,73 miljard euro útlutsen foar de nije ferbining mei it Noarden.