Twa ferwûnen troch bierglês

11 mrt 2012 - 14:10

Twa jonges fan 18 jier binne sneontenacht yn Dokkum ferwûne rekke troch slaan mei in bierglês. Se hiene beide yn in hoarekagelegenheid oan De Merk rûzje hân mei in 21-jierrige man út Broeksterwâld.

De plysje seach in 18-jierrige Dokkumer mei bloed op de foarholle nei bûten kommen. Hy waard oerbrocht nei it sikehûs. Doe't de plysje dêr wie, waard der noch in 18-jierrige Dokkumer de wachtkeamer yn brocht mei in ferwûning oan de holle. De Broeksterwâldster is deselde nachts thús oanhâlden. Hy sit fêst op it plysjeburo foar ûndersyk.

Trefwurden: 
bierglês slaanderij De Merk
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)