10.000ste besiker spoarmuseum

15 des 2002 - 00:00

It Modelspoarmuseum yn Snits koe dit wykein de 10.000ste besiker ferwolkomje. Dat wie Feike Scheepvaart út Wommels. Hy krige in saneamde startersset fan in modeltrein.

It acht jier âlde museum is festige yn de kelder fan 'e iepenbiere biblioteek. Doel is om te ferhúzjen nei it âlde stastjon. De ferbou kostet 500.000 euro. Dat kin inkeld mei stipe fan sponsors, provinsje en de gemeente. Dy lêste beslút dizze wike oer de talage.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)