Lintsje foar skilder Van der Bij

© Omrop Fryslân
Keunstner Jan Freark van der Bij út Drachten hat sneon in keninklike ûnderskieding krige. Dat barde by de iepening fan in eksposysje mei syn wurk yn it Frysk Museum yn Ljouwert. Boargemaster Van der Zaag fan Smellingerlân rikte de ûnderskieding út.
De 80-jierrige Van der Bij wurdt sjoen as ien fan de wichtigste nei-oarlochske Fryske ekspressionisten. Hy is no beneamd ta Ridder in de Orde van Oranje Nassau.