Draaiboek foar reedrydwedstriid

© Omrop Fryslân
IIsferienings hawwe de regels foar wedstriden oanpast oan de strangere easken. Gemeenten stelle ferplicht dat alle saken yn in draaiboek fêst komme te lizzen. Ek moatte frijwilligers dy't it ferkear regelje dêrfoar in kursus folge hawwe. Ien en oar bestjut folle mear wurk foar de organisaasje.
De Alvemarretocht is ien fan de organisaasjes dy't de draaiboeken al klear lizzen hat. It is noch net bekend wannear't de tocht hâlden wurdt.