René Ruitenberg wint Nannewiid

14 des 2002 - 00:00

By Aldehaske is sneon de earste maraton op natueriis ferriden. Op it Nannewiid giene njoggen oere in 80 A-riders fan start foar de '100 fan Aldehaske'. By de manlju wûn René Ruitenberg foar Hans Pieterse en Rob van Meggelen. De measte Friezen sieten yn de groep achter dit kopgroepke.

By de froulju gie de winst nei Jenita Smit. Sy kaam allinnich oer de streek. Twadde waard Linda Verdouw, tredde Jolanda Langeland.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)