Baard yn aksje
Mei struibiljetten en sebeare sebrapaden ha de ynwenners fan Baard freed aksje fierd tsjin hurdridende auto's yn har doarp. Se ha skjin har noch fan de autoriders, dy't faak hurder geane as de tastiene tritich kilometer.
De Baardsters wolle dat de gemeente Littenseradiel drompels oanleit. Dy fynt lykwols dat twa dykfersmellings foarearst genôch binne. Yn Baard wenje in soad skoalbern.