Famke stoarn oan nekkramp

© Omrop Fryslân
In famke fan fjouwer jier út Kollum is tongersdei stoarn oan de gefolgen fan nekkramp. Dat hat de GGD freed befêstige. It slachtofer wie wol yninte tsjin de meningokokbaktearje.
It famke siet op de Keningin Julianaskoalle yn Kollum. De âlden fan alle skoalbern ha yntusken in brief krigen fan de GGD. Ek de húsdokters binne ynformearre. Neffens de GGD is der gjin gefaar foar fierdere besmetting.