Iselmartocht grut súkses

© Omrop Fryslân
Sa'n tûzen reedriders ha freed meidien oan de Iselmartocht. Dat wie in stik mear as de organisaasje ferwachte hie. Oan de kop fan de Ofslútdyk koenen minsken ôfstânnen ôflizze tusken de fiif en sechtich kilometer. Dêr't riden waard, lei trettjin sintimeter iis.
De iiskwaliteit wie earst net al te bêst, mar de earste riders riden de hobbels der wat ôf foar dejingen dy't middeis riden. By de tocht rekke ien frou ferwûne troch in fal.