Begraven yn Wierum te boek steld

12 des 2002 - 00:00

As earste doarp yn Fryslân feskynt der in boek oer de begraffenisferiening fan Wierum. It boek is skreaun troch Herman van Vliet út Baarn. Syn mem komt fan it fiskersdoarp yn Dongeradiel.

De pleatslike begraffenisferiening bestiet sûnt 1907. De skiednis fan de feriening wurdt yllustrearre oan 'e hân fan anekdoates. De feriening hat lange tiid de âlde gebrûken fêsthâlden. Sa rûn de roustoet oant inkelde jierren ferlyn trije kear om de tsjerke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)