Toertocht op Iselmar giet troch

12 des 2002 - 00:00

By Surch, fanôf de Kop fan 'e Ofslútdyk, wurdt freedtemoarn in koarte toertocht hâlden oer de Iselmar. It kin hjir heve, omdat it Iselmariis al 12 sentimeter tsjok is. De organisaasje set tongersdei de tocht út en giet dêrfoar sels mei in auto it iis op.

De iisklub fan Surch ferwachtet sa'n tûzen dielnimmers. Omdat it freed yn 'e rin fan 'e dei mooglik teie sil, set de toertocht oer de Iselmar al om 9 oere moarns útein.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)