Minder toeristen op De Lemmer

12 des 2002 - 00:00

Op De Lemmer ha fan 't simmer folle minder toeristen west as it jier derfoar. It tal oernachtingen is mei de helte ôfnommen. Wurksumheden oan it Lemsterstrân soe de oarsaak fan it fuortbliuwen wêze. Ek de werynrjochting fan it sintrum hat in rol spile.

It gemeentebestjoer Lemsterlân evaluearret it simmerseizoen en presintearret meikoarten in aksjeplan om it toerisme op De Lemmer in nije ympuls te jaan.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)