Hûnetoiletten dogge fertuten

11 des 2002 - 00:00

De hûnetoiletten yn de gemeente Wymbritseradiel binne in grut súkses. Trijekwart fan de hûnebesitters hat de hûnehúskes dit ôfrûne jier wol ris brûkt. De oerlêst fan hûnestront is ôfnommen.

De gemeente wol mear hûnehúskes, dy't streekrjocht op it rioel oansletten binne. Boppedat kontrolearret de gemeente stranger op it efterlitten fan hûnestront. In boete kostet 28 euro.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)