'Komboecha-tee net gefaarlik'

© Omrop Fryslân
De Keuringsdienst van Waren fynt komboecha-tee net gefaarlik. Earder warskôge it Nederlands Voedingscentrum yn Den Haach foar mooglik skealike gefolgen fan it drinken fan de tee. De tee wurdt makke fan swammen.
De Keuringsdienst is op it stuit dwaande mei in ûndersyk nei túnbou- bedriuw De Groenhof op Skylge dêr't de tee makke wurdt. Dy seit dat de drank helpt tsjin allegear kwalen en wol de tee no op grutte skaal distribuearje.