Wetlik mear romte foar it Frysk

© Omrop Fryslân
Der moat mear romte komme foar it Frysk. De provinsje wol dat it ryk in tal wetten oanpast. In doarwarder en in kondukteur yn Fryslân moatte bygelyks altyd Frysk ferstean kinne. Ek moatte bedriuwen it rjocht ha om it jierferslach yn it Frysk te dwaan.
It Berie foar it Frysk hat alle wetten besjoen op it brûken fan it Nederlânsk. Neffens it Berie komme sa'n tsien wetten foar oanpassing yn de beneaming.