Dopingkontrôle by maratonriders

11 des 2002 - 00:00

Maratonreedriders moatte der takom jier ek oan leauwe: dopingkontrôle. Yn it langebaanriden is sa'n kontrôle al gebrûklik. By de maraton wurdt woansdei as proef foar it earst bloed ôfnommen.

Harm Kuipers, dokter en âld-kampioen, docht de tests op It Hearrenfean. Dêr is de twadde etappe fan de Greenery Six. Hy brûkt de útslaggen fan de tests om de bloedkontrôles ferbetterje te kinnen. Mei de test kin it brûken fan epo opspoard wurde.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)