Achmea skrast tûzen banen

10 des 2002 - 00:00

Achmea skrast takom jier tûzen banen. It bedriuw dat ûntstien is út de fúzje tusken Centraal Beheer en Avéro, wol ûnderdielen yntegrearje en dêrom is in part fan it personiel oerstallich.

Achmea hopet net op twongen ûntslaggen, mar kin dat net garandearje. Neffens it bedriuw hat it skrassen net te krijen mei de ekonomyske omstannichheden. Foar Ljouwert binne de gefolgen net grut. De FNV is oerfallen troch it nijs en ek fakbûn De Unie is lilk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)