Gedroomde Stad ferlingd

© Omrop Fryslân
De Gedroomde Stad, in surrealistyske kuierrûte, yn Ljouwert wurdt ferlingd. Kuierders kinne oant 13 jannewaris troch de stêd rinne en op sân plakken in foto besjen en mei de mobile telefoan nei in literêre tekst harkje.
Boekwurk hat it plan foar de rûte betocht. Sân fotografen en skriuwers lieten har ynspirearje troch it boek Nadja fan André Breton út 1928. Dêryn beskriuwt er in kuier troch Parys.