Alvestêdebrechje wer te plak

10 des 2002 - 00:00

It 11-stêdebrechje yn Frjentsjer sil noch dizze wike hielendal klear wêze, sa tinkt de gemeente. It brechje moast opknapt wurde, mar is moandei al wer weromset op syn plak. Tiisdei en woansdei wurdt de brêge fierder monteard en komme de leuningen derop.

De flonders binne út it wetter helle, it lei ûnder de brêge al ticht. Der is gjin ekstra mankrêft ynset om it brechje yn dizze froasttiid earder klear te hawwen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)