Dave Rogers biedt ekskuses oan

© Omrop Fryslân
Cambuur-ferdigener Dave Rogers hat syn ekskuses oanbean oan spilersgroep en trainer. Ofûne sneon rûn hy fuort fan 'e training neidat bekend makke wie dat hy net yn 'e basis stie foar de útwedstriid tsjin Volendam. Dat hie wer te krijen mei in konflikt oer it opsykjen fan ballen nei de training.
Rogers mei no wer meitraine. Hy moat al tasizze dat er net wer sa ûnprofesjoneel dwaan sil, want dan is it ferhaal mei him oer en út.