Aksje foar sloop stasjonsgebou
Doarpsbelang fan De Westerein hat moandei aksje fierd om it âlde stasjonsgebou yn it doarp sloopt te krijen. It gebou dat yn 1955 boud is, is tsien jier lyn tichtspikere en wurdt geregeld troch jongeren út it doarp fernield.
Doarpsbelang is al skoften dwaande om de Nederlânske spoarwegen sa fier te krijen dat it gebou fuorthelle wurdt, mar dy hawwe oant no ta noch net reagearre.