Fernijde ôfdieling sikehûs Snits

© Omrop Fryslân
Yn Snits wurdt tiisdei de fernijde ôfdieling driuwende (spoedeisende) help fan it Antoniussikehûs iepene. Omdat de funksje fan dy ôfdieling de lêste jierren feroare is, moast ek de boukundige opset oanpast wurde.
De driuwende help is mear en mear in ôfdieling dêr't alle akute pasjinten opfongen en ûndersocht wurde. Der binne dêrom mear pasjinte- en ûndersyks-keamers kaam. Ien fan de keamers is ynrjochte as traumakeamer.