Banen fuort by ABC Hekwerk

10 des 2002 - 00:00

By ABC Hekwerk BV op It Hearrenfean ferdwine 30 fan de 45 banen. It bedriuw draait mei ferlies en dat wurdt benammen feroarsake troch de produksje-ôfdieling op It Fean. Dy ôfdieling giet ticht. Der bliuwt allinnich noch in saneamde binnentsjinst aktyf, mei bygelyks it ferwurkjen fan oarders.

It personeel is ynljochte. De fakbûnen prate mei leden en direksje. Hekwerk is ûnderdiel fan in bedriuw mei festigings yn Nederlân, België en Dútslân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)