Freed '100 fan Aldehaske'

09 des 2002 - 00:00

Alhoewol't it Nannewiid moandei noch foar in part iepen lei, wol iisklub De Vriendschap fan Aldehaske no freed de '100 fan Aldehaske' ride litte. De 100 fan Aldehaske is in maraton fan 100 kilometer op it Nannewiid.

Oan de maraton kinne 150 manlju en froulju meidwaan. De wedstriid stiet iepen foar manlju A, B en C1 en froulju. Freed is it iis wis sterk genôch foar in wedstriid, tinkt it bestjoer fan 'De Vriendschap'.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)