Wer fertinking priisôfspraken

09 des 2002 - 00:00

De Nederlandse Mededingingsautoriteit, de NMA, fertinkt op 'e nij 18 noardlike wegeboubedriuwen fan priisôfspraken. Dizze kear giet it om de priis fan asfalt dat makke waard troch de trije asfaltsintrales fan dizze bedriuwen.

Ferline wike makke de NMA bekend dat 13 bedriuwen yn it noarden fertocht wurde fan ôfspraken by oanbestegings. Yn beide gefallen giet it ûnder oaren om Dijkstra út Grou, Jansma út Drachten, Verhoeve út Jirnsum en Oosterhof Holman.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)