Ek mear plysjes op plattelân

© Omrop Fryslân
De fjouwer tûzen ekstra plysjes dy't der dit jier komme moatte, wurde ek yn de minder befolkte gebieten ynset. Dat sei CDA-fraksjefoarsitter Maxime Verhagen moandei op in wurkbesite by de plysje yn Bûtenpost.
Korpssjef Wagenaar makket him soargen oer it tal plysjes op it plattelân. It demisjonêre kabinet wol dat de plysje mear boetes útdielt en mear saken oplost. Foar Fryslân betsjut dat dat de plysje hat mear op de stêden rjochtet.