Twa kear ynbrutsen yn Spitkeet

09 des 2002 - 00:00

Dit wykein is der twa kear ynbrutsen by de Spitkeet op 'e Harkema. Fan freed op sneon waard alles oer de kop helle yn de húskes. Nei reparaasjes sneon is der yn de folgjende nacht op 'e nij ynbrutsen.

It meast opmerklike is dat der neat te heljen is yn de húskes. It bestjoer fan it Temapark stiet foar in riedsel. Fiif wike earder waard der ek al ynbrutsen. It iennichste dat se meinamen wiene twa fazen sûnder wearde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)