Ferheging preemjes De Friesland

© Omrop Fryslân
Soarchfersekerder De Friesland ferheget syn preemje foar it sikefûns takom jier mei hast 85 prosint. Fersekerden binne dan sawat 100 euro per jier mear kwyt. Ek de preemjes foar partikulier fersekerden geane omheech mei 8 oant 13 prosint, ôfhinklik fan it pakket dat minsken hawwe.
De preemjestiging by de Friesland past yn it lanlike byld. Dat hat te krijen mei de ryksbydrage oan it sikefûns. Dy is troch it regear mei 700 euro ferlege.