Heerenveense Boys koprinner

© Omrop Fryslân
De Heerenveense Boys diene sneon goeie saken troch mei 1-0 te winnen fan Broekster Boys. It spektakel siet fral yn 'e earste helte. De Broekster Boys lieten de winst lizze troch binnen in minut twa kear in strafskop te missen. Raymond Mulder en Tjalling van der Meulen wiene gjin fan beide trefseker.
Kees Wondergem wie matchwinner. Hy makke de iennichste goal foar Heerenveense Boys. Troch de winst bliuwt Heerenveense Boys koprinner.